Liet 1 / De grutste sukkel
(orizj. Bad Habits / Jenny Burton)
Hjir stean ik wer, mei in skepnet yn ‘e hân
Roos mei de bern thús, yn har hân grif de tillefoan
Mei oan de line fan dy kerels smoarch en geil
Wêrom docht se dan net ris wat by my?
En as ik dêroan tink dan makket my dat sa ûnwis
Kinst wol riede
Wat myn middelnamme is
Is der wat yn ’e wrâld dêr’t ik noch wol goed foar bin?
’t Is in muorre dêr’t ik wer tsjinoan rin
Bin ik de grutste sukkel hjirre
It kin hast net oars, kin hast net oars
Bin ik de grutste sukkel hjirre
It kin hast net oars, kin hast net oars
Hjir stean ik wer, hannen rûke wer nei chloar
Myn alderbêste freon, Tom, hat it goed foar elkoar
In goeie baan hat hy, smoute praat, altyd attint
En boppedat is hy ek noch in krease fint
Ik bin de grutste sukkel hjirre
It kin hast net oars, kin hast net oars
Ik bin de grutste sukkel hjirre
It kin hast net oars, kin hast net oars
Liettekst: Reinout Weima
Liet 2 / Hielendal kâld
(orizj. Staying Alive/ Electro Deluxe)
Tinksto no wier mar in tel dat ik net sjoch
Watst my no wer flikst, watst no wer dochst
Oerspul sit dy yn it bloed
Do bist frouljusswiet, ik wit it goed
En it is bêst hear, ‘t is oke
Do komst toch altyd wer by my
En ik doch krekt as bin ik gek
Tinkst toch net echt dat ík dy check
Oh moatst no dát sjen, sa’n stoere fint
Want do bist macho genôch, sa asto rinst
Hâldst ek samar froulju oan, asto
Tinkst ‘in lekker ding’, dy is foar my
En ‘t is bêst hear, ‘t is oke
Ik wit do kinst net sûnder my
En ik doch krekt as bin ik gek
Tinkst toch net echt dat ík dy check
Leafde is de namme fan ‘t spultsje dat wy spylje
‘t lit my hielendal kâld, hielendal kâld,
Goed foar de relaasje want makket it wer spannend
‘t lit my hielendal kâld, hielendal kâld,
‘t lit - my - best - wol - hielendal kâld, hielendal kâld,
‘t lit - dy - ek - fêst - hielendal kâld
Is dit no leafde, ik kin wol sûnder
Ik kin wol sûnder dy
Is dit no leafde, ik kin wol sûnder dy
Liettekst: Sietske de Boer & Jan Tijsma
Liet 3 / Hy like wol OK
(orizj. Wicked Way / Waylon)
Wat in moarn, wat in jûn, wat in soargen kin in minske dan ha
Hoe oars kin it ien fergean as fan te foaren ferwacht-
Hoe wankel it lot dat twifelt tusken libben en dea.
En ik fiel myn hert slaan, want dy giet as in wylde tekear
Op in klearljochte dei komt it tsjuster samar tichtby
Der wie neat oan ‘e hân, alles gie gewoan as eltse dei
Ik hie him net sjoen, en ik koe net mear út ‘e wei
Hiel de wrâld stie efkes stil mar hy like wol OK,
Hy like wol OK
As in stoarm yn myn siel, wol tûzen dingen gean yn my om
En hy leit dêr sa stil, wylst alles om ús hinne ferstomt
It gie eins hiel fluch, mar ’t fielde as ‘n ivichheid
Oant hy stean gie en sei nee meitsje dy gjin soargen om my
Liettekst: Sietske de Boer
Liet 4 / Stoer
(orizj. James / Billy Joel)
Stoer, bin’k as plysjeman
Al bin ik ferknipt
mar dat falt net op
Op myn motor bin ‘k in hiele fint
Mei myn stoer pistoal, bestried ik faak ûnhure typen
Stoer, gean ik troch de tiid
’t liket mear as ’t is
Bin ik “ûndercover”
Meastal yn de “koffer” by in oar
Ik lis ûnder fjoer, da’s wat sy fan my ferwachtet
Stoer, mar myn libben falt net ta
Plysje wêze is in iensum fak
Hey – oh, ‘k stean der faak allinich foar
Mar dizze sherrif hjirre wit syn plak
Stoer, jierren by it korps
En dan dei en nacht
Foar ‘t gesach op paad
Kin ik dit wol oan sa’n swiere taak?
Mar ‘k meitsje der wat fan, al bin ‘k dan ek in grutte hufter
Stoer
Ik lis ûnder fjoer, want da ’s wat sy fan my ferwachtet
Liettekst: Mathijs Mud
Liet 5 / Flinder
(orizj. Love Leave Me / Glennis Grace)
‘k seach him foar it earst - twa wike lyn
Op syn motor - ’t plysje pak
en hy seach my - wol nei him sjen
It wie gauw klear – we sprutsen doe ôf
Deselde jûns op - syn motor lein
Mar ik bin earlik - ’t ferfeelt my al wer
In flinder - dat bin ik
As der mannen by my bin
‘k ha mýsels dan net yn’e hân
In flinder - dat bin ik
As mannen nei my sjogge
Want myn hiele hert - stiet yn’e brân
Hy wurdt my no – al fierste kliemsk
Te serieus ek, te - uncool
En ik bin earlik - ’t ferfeelt my al wer
Myn eigen man is leaf, te guodlik foar my
‘k ferfeel my dea by him, ‘k moat oandacht hawwe, ja, opnij!
As mannen nei my sjogge
Want myn hiele hert - stiet yn’e brân
In flinder - dat bin ik
Liettekst: Jan Tijsma
Liet 6 / We moatte der wêze
(orizj. We're In This Together / Ladies of Soul)
Ank: Jonkje toch, jonkje toch, werom sliepsto sa lang, wurdst net wekker dan?
Do makkest my en heit sa ûngerêst
Nynke: Ik bin Nynke de clown
Ik kom hjir foar de bern, ‘k jou se alle tiid
Ik lit se laaitsje, meitsje s’even bliid
Marjan: We ha allegear ek ús soargen wol
Tink net datst de ienige bist, hear
We moatte der wêze, foar elkoar
Want oars stean je dér allinne foar
Je tink: allinne rêd’k it wol, ik kin der wol sûnder
Mar mei help fan dy, kin ik alles oan
Mei dy, tink ik wer oan moarn
Je tink: allinne rêd’k it wol
Mar w’moatte der wêze, der wêze
Marjan: ‘k bin de frou fan de dokter, hy docht syn bêst, nim dat fan my oan
Wie hy ek mar sa goed, sa goed foar my
Nynke: Ik bin Nynke de clown, ik bring jim treast, besykje it alteast
Ank: Kom aanst by my, we sil wachtsj’op dy
Marjan: We ha allegear ek ús soargen wol
Nynke: Tink net datst de ienige bist, hear
Nynke: It is no tiid, ik moat wer fierderop
Ank: Do hast gelyk, ik sil wer nei myn pop
Marjan: Sil ris sjen wêr’t myn man is
Ank: Bin sa bliid dat we praat’ ha
Allegear: Mar we sizze aanst ‘oant sjen’
Liettekst: Jan Tijsma
Liet 7 / Myn corebusiness
(orizj. Give It Up / Amos Lee)
En mar wer betiid fan’t bêd ôf
Mar echt noait bin ik it sêd
Weagje, knede en bakke - moarns ier al
t’Is in hiel iensum bestean
Ik sjoch graach in blier gesicht
Se bin bliid as se ’n taart of in bôlle fan my krij’ - it is wier
Want myn core - business, dat is moal
Want myn core - business, dat is moal
Want myn core - business, dat is moal, moaiste wat der is
It risseltaat is altyd – top!
Yn stee fan jûns praat ik oerdei
De winkel is eins myn kroech
Hjir bin ik de entertainer, elk is wolkom hjir - by my
Ik, ik fermeitsje my, mar in frou hie best ek hiel wolkom west
Ik fermeitsje my, ik fermeitsje my, mar in frou hie best ek hiel wolkom west
Liettekst: Rimmy Tijsma- Sinnema
Liet 8 / Myn âlde hear
(orizj. Baby One More Time / Britney Spears)
Oh, oh, dy man toch
Je krije dochs wat fan him
Dat dat no noch sa sear docht
Oh, oh, dy man ek
Wat docht er hjir no opiens?
Nei al dy lange jierren
Krekt no, no we’t dreech genôch ha
Stiet er foar ús en docht krekt as der neat oan’e hân is
Myn âlde hear is Back in Town
Stiet hjir opiens wer foar de doar
Hy praat allinne mar oer himsels
God stean my by
As ik op him lykjen gean
Oh, oh, dy man toch
Hy komt, seit er, foar ús soan
Wit net iens syn namme
Oh, oh, dy man ek
Dat ik sa faak op tillevysje bin
Dat strielt ek wer op him ôf
Krekt no, no we’t dreech genôch ha
Stiet er foar ús en docht krekt as der neat oan’e hân is
Oh, oh, myn heit toch
Do wiest der net mear foar ús
In oare frou, toch?
Do kaamst dernei net mear thús
En mem wie flink en sy brocht ús grut
Begryp it dan toch - dat in bern in heit ha wol
Dus fyn it net gek, dat ik it ferrek
Dat ik op dy lykjen gean
Liettekst: Jan Tijsma
Liet 9 / Tinkst toch net dat ik gek bin?
(orizj. Little bit longer / Steffen Morrison)
Myn nijste oanwinst hiet Betty
Se wie wol sa ferskuorend moai
It - die sear oan’e eagen
Sa’n frommes hie’k net earder scored
Mar ik hie fansels wol better witte moatten
Se wie krekt wat te moai foar my
Se spile yn in hegere klasse
Ik wit no dat der oaren bin
Dat ik har dus net fertrouwe kin
‘k ha hjiroan echt gjin sin
Tinksto echt dat ik no hiel’ndal neat troch ha?
Dat ik ûnnoazel bin en alles mar leau
D’hast in suster, dy hyt Trees, ammehoela
Do ruilest my al wer yn foar in oar
En dus liichst my wat foar
Tinkst toch net dat ik gek bin?
Tinkst toch net dat ik gek bin, toch?
Ik woe by har sliepe
Hie sels in rinkje foar har kocht
Mar myn timing dy wie blykber net hiel goed
’s moast nei in suster ta, ’s gong al hjoed
Se hat hielendal gjin sus
Lotte, ik kom no gewoan by dy werom
Dogge krekt as der neat bard is, hear
Hing’nde poatsjes dat is neat foar my
Lotte, ‘k jou om dy
Tinkst toch net dat ik gek bin?
Liettekst: Jan Tijsma
Liet 10 / Hoe kinsto sizze?
(orizj. Hopeless / Dionne Farris)
Lit my, leau my
Ik wol dy net oan myn liif
Lit my, leau my
Jou my in bytsje tiid
Ik wol net hearre watsto my no seist
‘t Leafste rin ik hjir gau foarwei
Siz my, jou my
In antwurd op myn fraach
Siz my, jou my
Gjin lege wurden graach
Ik kin dit net pleatse by dy
Do bist as in frjemde foar my
Hoe kinsto sizze
Dat jim hielendal neat dien hawwe
Do moatst ris witte
Wat jim har misdien hawwe
Ba-ba-ba-ba-ba-ba-ba
Kom mei, folgje my
Ik wol datst it dochtst
Kom mei, folgje my
Ik hoopje dast it sjochtst
Kinsto dysels yn ‘e ea-eagen sjen
Wittend’ dat sy dat net mear kin
Hoe kinsto sizze
Dat jim hielendal neat dien hawwe
Do moatst ris witte
Wat jim har misdien hawwe
Ba-ba-ba-ba-ba-ba-ba
Liettekst: Sietske de Boer
Liet 11 / Te koart foar har
(orizj. Stargazing / Edwin Evers band)
Do seist dat sy thús is, dat dit har thús is
‘k wol it graach leauwe, mar leauw it noch net
Hoe kin it sa wêze, mocht it sa wêze
Dat sy it net rêdt
Se sizze sa folle, is it te folle
Freegje my net wat it antwurd is
Hoe kin it sa wêze, lit it sa wêze
Dat sy it no wit
En lit ús it fiere, it libben
It is mar koart, te koart, te koart foar har
Lit ús it fiere, it libben
t is mar koart, te koart, te koart foar har
Der binnen gjin grinzen, binnen har grinzen
Der is inkeld leafde, der is gjin gemis
Hoe kin it sa wêze, lit it sa wêze
Dat sy dêr no is, no is
En lit ús it fiere, it libben
It is mar koart, te koart, te koart foar har
Sy is no foar ivich yn ús tinzen
Ek al sil it ôfskied sear dwaan, sy hat no alle tiid
Liettekst: Sietske de Boer
Liet 12 / Mear as dat freegje ik net
Orizj: Los Van De Grond / Jeroen vd Boom & Leonie Meijer
Hy:
Ik wol de wierheid fan dy hearre
Mear as dat freegje ik net
Ik seach dyn eagen wiene net lykas derfoar
Ik wol it no ris fan dy hearre
Wat der bard is op dy jûn
Wat der spile hat tusken dy en dy oar
Wat hasto dien, ik wol it witte
Lit it gean, sis it my
Hoe hat it dochs sa fier komme kinnen mei ús libben?
Wêr gie it mis?
Wat wy yn’t ferline hiene dochs ferlern binne
Wat is no dyn gefoel?
Mear as dat freegje ik - net fan dy
Sy:
Nee ik ha neat út te lizzen
we ha’t der al in kear oer hân
Do sjochst de dingen krekt wat oars mar wol ferkeard
We ha elkoar neat mear te sizzen
Want wat west hat dat hat west
Datsto my net mear fertrouwe kinst docht sear
Ik ha neat dien, dat wolst doch witte?
Lit it gean, sis ik dy
Hy:
De leafde slûpt ús út ‘e hannen
’t Is net mear sa as it wie
Leit de ein no op ‘e loer?
Sy:
En fan al dy moaie plannen
Dy’t ik mei dy makke hie
Is no ek al neat mear oer
Sy:
Hoe hat it dochs sa fier komme kinnen mei ús libben?
Wêr gie it mis?
Hy en sy:
Wat wy yn’t ferline hiene dochs ferlern binne
Wat is no dyn gefoel?
Mear as dat freechj’ ik net
Hoe hat it dochs sa fier komme kinnen mei ús libben?
Wat is no dyn gefoel?
Mear as dat freegje ik - net fan dy
Liettekst: Reinout Weima
Liet 13 / Is it no dien?
(orizj. Fake / Simply Red)
Sjoch ús no, leafde ferfljocht
Nee it fielt net mear as doe
It sear is grut, de leafde slûpt fuort
Fan dyn leagens ha ik genôch
(Ja hy wit it no)
De wierheid docht sear - echt wier, leave
(Wat moatte se no)
Witsto wat der is? Wêr gong it dochs mis
Koortje: Is it no dien mei him en har?
Lead: 'k moat mear tiid ha
Koortje: Hy wol mear tiid ha. Dat wat sy dien hat is net OK
Lead: Ik hâld dochs noch fan har
Koortje: Hy hâldt dochs noch fan har
Sjoch ris nei ús, wy spylje in spul
Dat net ien fan ús winne sil
It sear is grut, de leafde slûpt fuort
Fan dyn leagens ha ik genôch
Liettekst: Reinout Weima
Liet 14 / Teddybear
(orizj. Ik Was Toch Je Meisje / Roxeanne Hazes)
Wy ha it net rom, hear, it giet net fansels, hear
Do makkest lange dagen, mar ik wurkje like hurd as dy
Us bern moat it goed ha, ja dat it it belangrykst
Se moat leare skylk, mear as ús, ’t better ha dan ús
It is wier, ik ha bisûnder wurk, hiel oars as de measten
Mar it jild, der is neat mis mei hear, we kin net sûnder
Do moast begripe, dit bin ik net, t’ is in spul
Ik snap it wol, do fynst it neat, mar skat it is myn wurk
Do kinst net tsjin my sizze, hoe’k myn dagen ful
It wit it wol, do fynst it kut, mar skat ik hâld fan dy
<koar: La la la la>
De mannen dy’t belje, ach, dat binne mar losers
Do bist myn teddybear, myn moaie man
Dus do moast my echt leauwe en altyd by my bliuwe
Lûk dy der neat fan oan, d’ dingen dy’k dan siz
It is wier, ik ha bisûnder wurk, hiel oars as de measten
Mar it jild, der is neat mis mei hear, we kin net sûnder
Do moast begripe, dit bin ik net, t’ is in spul
Ik snap it wol, do fynst it neat, mar skat it is myn wurk
Do kinst net tsjin my sizze, hoe’k myn dagen ful
It wit it wol, do fynst it kut, mar skat ik hâld fan dy
<koar: La la la la>
Ik hâld dochs fan dy, jong . . .
Liettekst: Jan Tijsma
Liet 15 / Fiskfoer
(orizj. Delta Lady / Joe Cocker)
We koen’n har net mear rêde, it earme famke
Se lei grif al in skoftke yn it wetter
Wat koenen wy dwaan foar’t útklaaid jongfaam, fertel’t my!
It wie dien, se fuorre de fisken, lykas in wjirmke
’t is no klear, ‘k wol net mear, oan har tinke
Se is dea, it docht my sear, ja myn leafste
Ik woe al wat betinke, it koe net langer!
De mannen seinen: ach, wat kin it lije!
Wy wienen sa’n ein de polder troch flein om te fiskjen
En dus haw’we 112 dochs mar net belle
Ooh, ‘tspyt my sa, foar’t deade frommes,
Út de polder (út de polder, frommes út de polder)
Wy woenen fiskje fiskje fiskje!
We koen’n har net mear rêde, it earme famke
Se lei grif al in skoftke yn it wetter
Wat masten wy dwaan mei’t útklaaid jongfaam, fertel’t my!
It wie dien, se fuorre de fisken, lykas in wjirmke
Liettekst: Rick Heida
Liet 16 / Gjin jierdeis mear
(orizj. I Don't Want To Be With Nobody But You / Joss Stone)
De dei begûn normaal, hy gong nei skoalle
Ik wiuwde by de doar noch, lykas oars
En ik sei noch tsjin him: wês foarsichtich
En ik tocht noch: wat wurdt er grut
En wat giet de tiid dochs hurd
Hoe moat wy no fierder astó der net bist?
Hoe moat wy no fierder, fierder sûnder dy
Der komme gjin jierdeis wer, der komme gjin jierdeis mear
Leave jonge, toch, ’t wie de lêste kear
De frou dêr’t er mei praat hie, sy wie hiel aardich
Se hie ek noch frege: giet it goed?
Hoe âld bisto? woe se witte
Hoe it ôfrûn is mei him
Wit se net, se wit fan neat
Hy waard hast tolve
Derom hie ik in taart besteld
By de bakker, we koenen him echt net ophelje
En dan hieltyd dat beljen, dat koe der noch wol by
Ik wit it nét, ik wít it net, hoe moat ik sûnder dy
Hoe moat wy no fierder asto der net bist, jonge?
Hoe moat wy no fierder, fierder sûnder dy
Der komme gjin jierdeis - wer, der komme gjin jierdeis mear
Leave jonge, toch, it wie de allerlêste kear
Siz, hoe moat wy no fierder asto der net bist, jong’
‘k wit it echt net, jonge
Hoe moat wy no fierder asto der net bist?
Liettekst: Jan Tijsma
Liet 17 / As ik mar dyn leafste bin
(orizj. Whenever I Call You Friend / Michael Johnson & Allison Krauss)
As ik mar dyn leafste bin
Dan is leafde dat wat ús ferbynt
Alles wat ik wol
Do en ik tegearre ien, altyd en ivich
Ik fyn mysels as ik dy sjoch
En as ik dy yn ‘e eagen sjoch
Yn alles wat ik haw, yn alles skynt ús leafde troch
Altyd en ivich
En ik wit dat ik net altyd in maklik minske bin
út en troch, sûnder mear
Toch fyn’ wy byinoar de moed om wer troch te gean
Leafste leave ek al bin’ wy no smoar
Wy kin’ net mei en net sûnder elkoar
Leafste leave ik wol nea wer in oar
Al kinne wy net altyd goed troch ien doar
As ik mar dyn leafste bin
Dan is leafde dat wat nea ferdwynt
Alles wat ik fiel, do en ik bin ien gehiel
Foar altyd en ivich
Wy wit’ net wat de tiid ús bringt
En hoe’t alles yn it libben rint
Al bin ik fan ien ding wis
Datsto altyd myn leafste bist
Liettekst: Sietske de Boer
Liet 18 en Liet 0 / By elkoar lâns
Orizj: Midnight At The Oasis / The Brand New Heavies
Alles komt op’e lap-pen
’t drokste oere brekt oan
Ljochten, lûden en minsken
Ha- sti- ge stappen op’e dyk
Tûzenen hjir yn ien stêd
Frjemden foar elkoar
Elk hat wol syn problemen
Elk hâldt dingen foar himsels
Alle-e-gear minsken yn’e stêd
Elk mei syn ferhaal
Alle-e-gear libje s’ by elkoar lâns
Libje by elkoar lâns
‘d rinne allegear trieden
Faak ûnsichtber ek
Tusken al dy minsken
Tûzenen minsken by elkoar
De ien docht goeie dingen, wist’e
De oar hat kwea yn ’t sin
Elk hat wol syn problemen
Elk hâldt wol dingen foar himsels
Alles komt op’e lap-pen
’t Drokste oere brekt oan
Ljochten, lûden en minsken
Hastige stappen op’e dyk
Liettekst: Jan Tijsma