Merke Blues
fan Boppeseal Movies Wergea
Merke Blues op Minority Filmfestival

Wergeaster film op 4th European Minority Filmfestival

It wykein fan 18 maaie gong de Wergeaster film Merke Blues yn premjêre yn ús doarp. Wy fine it in ear dat wy no frege binne de film te fertoanen op it European Minority Festival. Dit fynt plak yn it Dútske havenstedsje Husum, tichtby de grins mei Denemarken.

Fiif saneamde full-length feature films sille der besykje de priis fan 1000 euro yn’e wacht te slepen, mar it giet ús fansels foaral om it meidwaan en it aardige útstapke! Dit alles sil heve op 22 o/m 24 novimber.

By eardere edysjes diene der ûnder oare films út it Baskelân en Wales mei. Grappich is ek dat we mei de organisaasje, Friisk Foriining, gewoan yn it frysk e-maile kinne: it noardfrysk hinget tichter tsjin ús frysk oan as de measten tinke.

Sjoch foar ynfo en it programma: http://www.minority-film.net/