Merke Blues
fan Boppeseal Movies Wergea
Merke Blues - De Feelgood Movie fan Fryslân

WERGEA - In spylfilm dy't him ôfspilet yn it fiktyve Fryske doarp Litsum is it nije grutte kultuer projekt út Wergea. De ‘feelgoodmovie’ wurdt makke troch de stichting Boppeseal Movies Wergea en spilet him foar grut part ôf yn de boppeseal fan it pleatslike kafee. De measte doarpsbylden binne opnommen yn Tsjom. De opnamen ha west fan maaie o/m augustus 2011 ûnder oanfiering fan regisseur Jan Tijsma. Begelieding wie der fan Froukje van Houten mei spul adfys en regisseur Pieter Verhoeff. Gerrit Hager soarge derfoar dat de live muzyk goed opnaam is en Arjen van der Grijn hat meitocht bij de grime. Fierders wie in grutte rol foar kameraman Gerko Jonker.

It leafdesferhaal spilet him ôf op in doarpsmerke, mei in echte merke, dy't opnaam is op it sportfjild fan Warten. Oare sènes binne op nommen yn Baerd, Peinjum en Nijbeets.

De film hat maaie 2012 syn première hân, natuerlik yn Wergea, en sil dernei troch hiel Fryslân rûngean om bij bijgelyks fergaderingen fan ferienings en yn doarpshuzen fertoand te wurden.